Auto's fan 'e dyk by Marsum

23 des 2010 - 09:46

Op de A31 by Marsum binne woansdei ferskate autoriders fan de dyk rekke troch de glêdens. In 24-jierrige frou út Frjentsjer ferlear troch de glêdens de macht oer it stjoer en klapte op in beam. Se rekke dêrby ferwûne oan de holle. Yn de auto siet noch in persoan. Dy kaam mei de skrik frij.

De frou út Frjentsjer is oerbrocht nei it sikehûs. By de oare ûngelokken rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)