Auto's fan de dyk yn hagelbui

06 des 2011 - 07:21

Op de A32 en de A7 hawwe tiisdeitemoarn meardere ûngelokken west troch de glêdens. Tusken It Hearrenfean en Akkrum rekken tsjin sân oere seis auto's fan de dyk. Nei alle gedachten gebeurde dat yn in hagelbui. Rjochting It Hearrenfean gie it om twa auto's. De oare kant op glieden fjouwer auto's fan de dyk. Net ien rekke ferwûne. Op de A7 fan Snits nei De Jouwer kamen fjouwer auto's yn de berm. Ek yn Parregea en Jobbegea wiene ûngelokken troch de glêdens. Yn Jobbegea knalde in bestjoerder tsjin in beam. Hy kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)