Auto's De Jouwer bekrast mei namme; dieder te sjen op fideo

20 jul 2015 - 12:36
  • De dieder liet in namme achter

Der binne fideobylden fan de dieder dy't ôfrûne freed auto's bekrast hat op 'e Jouwer. Der binne dy nacht yn totaal acht auto's yn it doarp skansearre. Op fiif fan dy acht auto's is de namme "Lars" krast.

Astrid Postma har auto hat ek skea oprûn. Mei befeiligingskamera fan de buorlju falt te sjen hoe't de dieder dwaande wie. Postma is der wis fan wa't de dieder is, ek al falt net alles op de bylden like goed te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)