Auto's botse tusken De Bieren en Burchwert

08 des 2015 - 13:57

Op De Paakdyk tusken De Bieren en Burchwert binne tiisdeitemiddei twa auto's frontaal opinoar botst. De brânwacht moast deroan te pas komme om ien persoan út de auto te heljen.

Beide auto's hawwe behoarlike skea oprûn. It is net dúdlik hoe't it mei de bestjoerders is. De dyk is folslein ôfsletten foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)