Auto's út biologysk ôffal

27 feb 2012 - 20:50

It soe sa mar kinne dat wy aanst ride yn auto's dy't makke binne út biologysk ôffal út de glêstúnbou. Advysburo KNN yn Grins en it projekt Waddenkas ûndersykje op it stuit yn Noardwest-Fryslân hoe't de glêstúnbou dêr yn de takomst jild mei fertsjinje kin.

Paprika's, tomaten of oar organysk materiaal kin omsetten wurde nei saneamde biopolymeren. Dat is in ferfanger fan keunststof. It is sa sterk en licht dat it nijsgjirrich is foar de yndustry. De polymeren binne folslein ôfbrekber.

It kin dêrom ek goed brûkt wurde yn de medyske wrâld, bygelyks by it oaninoar skroeven fan bonken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)