Autoruten ynslein Frjentsjer

27 des 2008 - 16:38
  • Op it parkearterrein leit noch glês

Op it parkearplak oan de Ljouwerterwei yn Frjentsjer binne yn de nacht nei sneon fan 29 auto's de ruten stikken slein. Ut ferskate auto's binne ek weardefolle saken stellen.

De plysje is noch folop dwaande mei it ûndersyk. Op it parkearplak stean ûnder oare auto's fan minsken dy't yn de binnenstêd wenje. Guon fan har hawwe pas yn de rin fan de dei ûntdutsen wat der bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)