Autorit nei Afrika om goed doel

25 okt 2006 - 17:25

Frans Brouwer en Arjen Nieuwhof út Ljouwert sille foar it goede doel nei Afrika ride. De twa moatte mei in auto, net djoerder as 500 euro, nei Gambia. Dêr moat de auto dan ferkocht wurde.

It is in tocht fan 7000 kilometer. De opbringst giet nei it projekt Mikrokrediet. Dat hâldt yn dat ûndernimmers út Gambia in liening krije kinne om sa har wurk út te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)