Autorit foar Bulgaarsk weeshûs

30 mrt 2009 - 12:04
  • Mei dit autootsje ride de Drachtsters nei de Reade See

Twa manlju út Drachten reizgje mei in Fiat Panda fan Skeveningen nei de Reade See yn Jordanië foar in goed doel. Sjoerd van Netten en Gordon Cornelissens wolle sa jild ophelje foar twa grutte weeshuzen yn Bulgarije. Nei in oerstreaming is de de leefberens dêr bot achterútgien.

De autorit giet foar in part troch de woestyn. Beide manlju wurkje by Neopost yn Drachten. Dat bedriuw sponsort de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)