Autorider(75) rekket te wetter

30 nov 2009 - 10:05
  • De auto yn 'e fiver yn Westeinde (foto: Brian Dykstra, 112 Nederland)

In plysje hat sneintemiddei in man fan 75 jier út syn auto rêden doe't er yn it wetter bedarre wie. De bestjoerder wie net goed wurden en in fiver ynriden. In omstanner sprong daliks yn it wetter en besocht de man út syn auto te heljen. Omdat dat net slagge, gie er wer nei de kant.

Yntusken wie de plysje oankaam en in plysjeman slagge der wol yn om de man út de auto te heljen. De man joech oan dat der ek noch in frou yn de auto sitte soe, mar dat wie net sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)