Autorider ferwûne by ûngelok yn Furdgum

10 mrt 2015 - 17:25

Op de Mienskarleane yn Furdgum is tiisdei in automobiliste ferwûne rekke. De bestjoerder, in 38-jierrige frou út de gemeente Frjentsjerteradiel, rekke om ûnbekende reden yn de berm. Nei in stjoerkorreksje ferlear se de macht oer it stjoer en kaam yn de sleat telâne. Se botste tsjin in daam en in stek. De brânwacht helle har út de auto. Se is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)