Autoriden flink djoerder

03 apr 2008 - 10:32
  • Fryske autobestjoerders binne dit jier 17 persint mear kwyt.

De provinsjale lesten foar autoriden gean dit jier yn Fryslân en Súd-Hollân it meast omheech fan hiel Nederlân. Fryske autobestjoerders binne dit jier 17 persint mear kwyt. Gemiddeld leit de belestingferheging op in lytse sân persint, sa lit ûndersyk fan de Grinzer universiteit sjen.

Ek is útsocht mei hoefolle in nij rydbewiis omheech gien is. Dêryn is Boarnsterhim koprinner. Dêr is in nij rydbewiis goed 2 kear sa djoer wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)