Autorally Serious Request

06 des 2013 - 15:58
  • Start autorally Serious Request nei de Noardkaap en werom nei Ljouwert ta

Yn Ljouwert is freed it startskot jûn foar in autorally foar Serious Request. Tweintich teams ride nei de Noardkaap, yn it uterste noarden fan Noarwegen en werom nei Ljouwert. Doel fan de aksje is 100 tûzen euro op te heljen foar de helpaksje.

Op 19 desimber moatte de dielnimmers werom wêze yn Ljouwert. As it goed is oerlangje se dan de sjek oan de trije dj's yn it Glêzen Hûs. It jild moat ûnder oare komme fan in feiling fan in sauna.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)