Autoradio's yn beslach nommen

29 apr 2014 - 10:18
  • Plysjekontrôle

In 19-jierrige man út Stiens is yn de nacht fan moandei op tiisdei op de Bjirkewei yn Twizelerheide oanhâlden. De man stie mei syn auto midden op 'e dyk, de motor draaide, mar hy hie de ljochten út.

De plysje seach dat er yn de auto in stik as wat autoradio's en boksen leine en der lei ek ynbrekkersark yn de auto. De man hie hjir gjin goede ferklearring foar. De apparatuer en it ark is dêrom yn beslach nommen foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)