Autopettocht foar jongerein by seedyk del

24 feb 2015 - 17:26
  • Autopettocht Fryske Gea by seedyk del

Jongeren koene tiisdei op in autopet de Waadkust ferkenne. Natuerorganisaasje It Fryske Gea hie in ferkenningstocht by de seedyk del organisearre. De tocht gie by it Noarderleech del, mar ek by in bunker út de Twadde Wrâldoarloch. It wie de earste kear dat de dyk-autopet-ekskurzje hâlden waard. De belangstelling wie boppe ferwachting mei achttjin dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)