Automobiliste wykt út foar auto en komt yn sleat telâne

29 okt 2015 - 15:04

In 33-jierrige automobiliste út Eastermar is tongersdeitemoarn mei har auto yn de sleat telâne kaam by De Rottefalle. De frou besocht in oanriding mei in oare auto foar te kommen, mar rekke dêrtroch sels fan 'e dyk. Hoewol't de frou net ferwûne wie, moast se foar kontrôle wol nei it sikehûs.

De plysje siket de bestjoerder fan de oare auto. Ek wurdt de persoan socht dy't de frou út de auto holpen hat en fierdere tsjûgen fan it ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)