Automobiliste út sleat rêden

16 feb 2010 - 10:06

In frou (31) út Snits is moandei rêden nei't se mei de auto yn 'e sleat riden wie. Se ried oer de A7 rjochting Snits, waard net goed en rekke by ôfslach De Hemmen fan 'e dyk. De auto kaam op syn kant yn it wetter telâne. De frou wie út 'e tiid.

Omstanners wisten de auto mei in sleepkabel op syn kant te hâlden. Oars soe de auto fierder ûnder wetter komme te lizzen. De brânwacht hat de frou derút helle. Se koe nei behanneling yn it sikehûs wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)