Automobiliste botst op oerwei-ynstallaasje: gjin treinen

07 aug 2015 - 10:06

It spoar tusken Ljouwert en Hurdegaryp is yn de nacht fan tongersdei op freed swier skansearre rekke troch in iensidich ûngelok. In 30-jierrige automobiliste út Dokkum botste op de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp op de oerwei-ynstallaasje. De rails, de spoarbeammen en de auto rekken skansearre.

De automobiliste ferklearre dat se ôflaat wie om't har telefoan ôfgong. Se is nei it ûngelok foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Dêr is ek in bloefproef ôfnaam om't de plysje tinkt dat se ûnder ynfloed fan drugs wie.

Troch de stikkene oerwei kinne op it stik spoar gjin treinen ride. Der wurde bussen ynset.

Pas yn de rin fan de middei rieden der wer treinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)