Automobilist yn de fangrail

23 jan 2009 - 19:40
  • De auto rekke flink skansearre (foto: Jaring Rispens)

In automobilist is freedtemiddei op de dyk by Boalsert troch akwaplaning yn de fangrail telâne kaam. Doe't de man yn in grutte plasse wetter op 'e dyk ried, rekke hy de macht oer it stjoer kwyt.

De bestjoerder wie net ferwûne en koe sels út de auto klimme. De plysje hat ien rydstrook fan de dyk ôfset om de auto bergje te kinnen. It oare ferkear hat net folle lêst hân fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)