Automobilist socht nei ûngelok

02 jun 2013 - 17:18

De plysje siket in autobestjoerder dy't sneon op de A7 by De Like in ûngelok feroarsake en dêrnei útnaaid is. In 33-jierrige frou út de Gordyk rekke ferwûne by it ûngelok. Har poppe fan noch gjin jier âld moast foar ûndersyk nei it sikehûs ta.

It ûngelok barde doe't in wite Mercedes fia de fangrail yn de middenberm op flechtstrook telâne kaam. De frou ried dêrachter en sloech mei de auto oer de kop. De bestjoerder fan de Mercedes rûn fuort nei it ûngelok en krige in lift nei in bedriuweterrein fan De Like.

Sûnt dy tiid is er poater. It ûngelok barde sneontemiddei om tsjin healwei twaen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)