Automobilist rydt yn op groep minsken op It Hearrenfean

03 jul 2015 - 09:47

In noch ûnbekende bestjoerder is tongersdeitejûn op de Trambaan op It Hearrenfean mei syn auto ynriden op in groep minsken. De bestjoerder naaide út, mar nei in achterfolging koe de plysje ien ynsittende oanhâlde.

In motorplysje wie dwaande mei de ôfhanneling fan in oanriding wêrby't ferskate auto's belutsen wiene. Troch de oanriding moast it oare ferkear in stikje omride oer de stoepe. De auto like earst te remjen, mar ried mei gierende bannen de stoepe op. De belutsenen by it ûngelok en de motorplysje moasten oan de kant springe.

De auto waard letter op de A32 sjoen, dêr't hy mei hege snelheid de ôfslach Wolvegea naam. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt en rekke in elektrisiteitskastje.

De ynsittenden naaiden rinnendewei út troch de greiden. Letter koe de plysje ien fan harren, in 20-jierrige jonge út Aldeberkeap, oanhâlde. In fierdere sykasje hat neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)