Automobilist rydt fan talúd by De Pein

27 nov 2015 - 10:05

In man rekke freedtemoarn ferwûne by in ûngelok op de Wâldwei (N31) tusken Drachten en Ljouwert. De auto fan de man rekke by De Pein nei alle gedachten yn de slip. Hy ried fan de dyk en kaam ûnderoan it talúd yn in greppel telâne. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht.

In berger hat de auto fuortsleept. Rykswettersteat sleat de rjochterrydstrook ôf foar it bergingswurk. It oare ferkear hat dêr koart lêst fan hân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)