Automobilist rekket by Marsum yn de sleat troch glêdens

03 mrt 2016 - 09:44

In automobilist is tongersdeitemoarn troch de glêdens fan de Harnzerstrjitwei rekke en yn 'e sleat bedarre. De bestjoerder ried fan Ljouwert rjochting Marsum doe't er krekt foar de N31 út de bocht fleach. De auto glied rjochttroch en kaam ûnderoan in talúd yn in sleat ta stilstân.

De beide ynsittenden koenen sels út de auto komme en op 'e wâl klimme. Ambulânsepersoniel hat de twa ûndersocht. Se hienen gjin ferwûnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)