Automobilist rekket fan de dyk ôf

10 jul 2015 - 12:30

In 69-jierrige automobilist út Feanwâlden is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding op de Stinswei. De man rekke yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt, mooglik om't hy net goed waard. De man ried dwers troch de boskjes lâns de dyk en kaam yn in tún telâne. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)