Automobilist oanhâlden mei drugs yn de auto

24 jan 2015 - 12:21
  • GHB

De plysje yn Dokkum hat freedtejûn op de Hantumerwei in 22-jierrige automobilist út de gemeente Dantumadiel oanhâlden. De plysje fertinkt de man derfan dat hy GHB brûkt hat. De man hie de drugs by him. Dat is yn beslach naam. De man is meinaam nei it buro dêr't in bloedproef ôfnaam is. It hinget fan de útslach ôf oft de man ferfolge wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)