Automobilist naait út

03 okt 2014 - 07:45

In 27-jierrige automobilist út Frjentsjer is tongersdeitejûn yn Ljouwert oanholden. De man waard socht om't er noch ferskate boetes betelje moast. De Frjentsjerter naaide earst út, mar koe nei in efterfolfing troch de plysje oanholden wurde. De man wegere mei te wurkjen oan in blaastest. Hy is dêrom meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)