Automobilist meldt him nei mysterieus ûngelok yn Appelskea

29 jan 2016 - 12:44
  • De Feart-Súdside yn Appelskea

In bestjoerder hat him melden nei oanlieding fan it plysje-ûndersyk nei de 31-jierrige man út Appelskea dy't woansdeitejûn nei alle gedachten oanriden waard. It slachtoffer hie syn hûn útlitten lâns de Feart-Súdside en kaam thús mei in grutte ferwûning oan de holle. Ut ûndersyk yn it sikehûs die bliken dat de man in bonkje yn de nekke brutsen hie.

Hy wist sels net wat him oerkaam wie, mar nei oanlieding fan de ferwûningen gie de plysje út fan in oanriding. De plysje hie tsjûgen oproppen om harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)