Automobilist mei drank op it wetter yn op It Hearrenfean

19 okt 2015 - 11:25

De bestjoerder fan de bestelauto dy't sneintemoarn op de Mercurius op It Hearrenfean yn it wetter ried, hie tefolle drank op. De man hie boppedat gjin rydbewiis. Foar beide saken is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

De bestjoerder ried snein rjochtút yn in skerpe bocht en rekke mei syn auto yn it wetter. De beide ynsittenden koene sels út de auto komme, der rekke net ien ferwûne. De auto moast troch de berger út it wetter helle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)