Automobilist ferwûne nei Grins

07 okt 2011 - 16:00
  • Foto's: Henk Koster/112-nof.nl

By in ûngelok yn Droegeham is freedtemiddei in automobilist (29) út Stiensgea yn de auto beknypt rekke. Even foar trijen ried de man mei syn auto tsjin in beam. Dat wie op It Kleasterbreed.

It slachtoffer, dat noch wol bij kennis wie, is mei de traumahely nei it sikehûs yn Grins ta brocht. It is noch net bekend hoe slim de ferwûnings binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)