Automobilist ferwûne nei botsing mei markol

06 apr 2015 - 07:52

De bestjoerder fan in klassike Jeep is sneintejûn ferwûne rekke op de rûnwei fan Garyp. In markol fleech tsjin syn foarrút, wêrtroch't de bestjoerder, in man út Grins glês yn it gesicht krige. De man rekke hjirtroch ferwûne oan syn each. De bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

De fûgel oerlibbe de klap net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)