Automobilist ferwûne by botsing mei streekbus by Nyegea

15 feb 2016 - 07:33

In streekbus en in auto binne moandeitemoarn tsjininoar botst by Nyegea. De bestjoerder fan de auto rekke troch it ûngelok beknipe. It is net dúdlik of der ûnder de passazjiers yn de bus ek minsken ferwûne rekke binne.

De helptsjinsten rukten manmachtich út, ek de traumahelikopter is oproppen. It ûngelok wie by de oprit fan de N365 nei de Wâldwei. De oarsaak fan de botsing is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)