Automobilist ferstoarn

29 sep 2014 - 21:22

In 52-jierrige man út it Grinslanner Zevenhuizen is moandeitemiddei op de Vitusdyk by Blauhús ferstoarn. Tsjûgen seagen de man yn syn auto sitten sûnder dat er beweegde. Se sloegen in rút yn, hellen de man út de auto en reanimearren him. De helptsjinsten waarden wârskôge, mar dy koene neat mear foar it slachtoffer dwaan. Nei alle gedachten is de man ûnder it riden net goed wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)