Automobilist botst tsjin beam by Aldwâld

10 apr 2016 - 09:08

By in ûngelok op de Simmerwei by Aldwâld is in automobilist sneintemoarn tsjin in beam knald. De man hie op stap west en wie ûnder it riden yn sliep fallen. De auto rekke fan de dyk en botste tsjin in beam.

De helptsjinsten waarden oproppen en meiwurkers fan de ambulânse hawwe de bestjoerder ûndersocht. Hy mankearre neat. De bestjoerder hie net dronken. Syn auto wie swier skansearre en moast fuortsleept wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)