Automobilist botst op frachtwein by Waskemar

11 feb 2016 - 12:10

Op de Leidyk yn Waskemar is tongersdeitemoarn tsjin healwei alven in auto achterop in frachtwein botst. De frachtauto moast remje foar in oare frachtwein dy't stilstie op 'e dyk. De bestjoerder fan de persoane-auto hie dat te let yn de gaten en klapte achterop de frachtwein.

Ambulânsepersoniel hat de automobilist ûndersocht, mar dy hie neat. Der wie wol fikse skea. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept. De frachtweinsjauffeur koe fierder ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)