Automobilist botst op beam yn Surhuzum

18 jul 2015 - 12:50

In 47-jierrige automobilist út Gerkeskleaster is freedtejûn ferwûne rekke by in oanriding op It Súd by Surhuzum. De man ferlear de macht oer it stjoer op de krusing fan It Langfal en It Súd en botste tsjin in beam.

De bestjoerder is mei ûnbekende ferwunings nei it sikehûs brocht. Dêr is ek in bloedproef ôfnaam, om't de plysje tinkt dat de man mei drank op achter it stjoer siet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)