Automobilist botst op beam by Koatstertille

23 jul 2015 - 16:20

Op de Alde Dyk by Koatstertille is tongersdeitemiddei in auto tsjin in beam riden. Oarsaak fan it ûngelok is dat de automobilist net goed wurden is. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

De brânwacht fan Droegeham wie ek oproppen, mar de persoan siet net beknipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)