Automobilist bedriget frou

16 okt 2011 - 16:34

In dronken automobilist hat sneontenacht in frou bedrige dy't by de plysje meld hie dat de man mei drank op achter it stjoer siet. De frou ried oer de A32 rjochting Akkrum en seach de 44-jierrige man út Haskerdiken al slingerjend yn syn bestelbuske riden. De man klapte ek meardere kearen tsjin de fangrail.

Doe't er de sneldyk ôf gie, ried de frou achter him oan en belle se de plysje. Op dat stuit kaam de man achter har oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)