Automobilist (82) ferstoarn

28 nov 2011 - 16:16

In 82-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei ferstoarn by in ûngelok op de Hobbemastrjitte yn syn wenplak. De man ried oer de Surinamewei en waard nei alle gedachten net goed. Hy joech dertroch flink gas, botste tsjin in oare auto en stuts fia de berm de Julianaleanne oer.

De auto bedarre yn de sleat by de Hobbemastrjitte del. Omstanners koene foarkomme dat de auto fierder yn it wetter sakke, troch de auto mei tou fêst te binen oan in oare auto. De helptsjinsten hellen de man út de auto en reanimearden him. Hy ferstoar yn it sikehûs. De 52-jierrige bestjoerder fan de twadde auto rekke ferwûne. Hy is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)