Automobilist (17) oanholden

11 apr 2009 - 13:44

In 17-jierrige automobilist út Burgum is freedtejûn oanholden, omdat er gjin rydbewiis hie. Plysjeminsken kamen de fertochte tsjin op de Burgumerdaam. De jonge foel op, omdat er de autogurdel net om hie.

Dêrop waard in stopteken jûn troch de plysje. By de oanhâlding die bliken dat de fertochte te jong wie om yn it besit te wêzen fan in rydbewiis. Der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)