Autokontrôle op A7

14 jun 2013 - 11:24

By in kontrôle op de A7 tusken Snits en Breesândyk binne tongersdei 32 bekeurings útskreaun. Fjirtjin bestjoerders rieden mear as tritich kilometer te hurd, sân bellen mei de mobile tillefoan yn 'e hân en seis hiene gjin gurdel om.

It gie om in kontrôle yn it ramt fan it projekt A7 Veilig. Dêryn wurkje Rykswettersteat, it Iepenbier Ministearje en de provinsje twa jier lang gear om de feiligens op de A7 te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)