Autokontrôle Belestingtsjinst

20 apr 2012 - 10:17

De plysje hat by in ferkearskontrôle yn oparbeidzjen mei de Belestingtsjinst yn Ljouwert njoggen auto's fuortslepe litten. De Belestingtsjinst lei op 23 auto's beslach, omdat de eigeners mei-inoar 149.000 euro skuld by de belesting hiene. Mei fjirtjin eigeners is in ôfspraak makke oer it beteljen fan dy skuld. De oare njoggen auto's binne fuortsleept.

By de kontrôle waard ek 512 euro oan noch iepensteande boetes betelle. In 35-jierrige Poal moast syn rydbewiis ynleverje omdat er tefolle dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)