Autogebrûk op Skier moat minder

15 nov 2002 - 00:00

It kolleezje fan B&W op Skiermûntseach wol it autogebrûk op it eilân weromdringe. Neffens it kolleezje binne maatregels needsaaklik, om't it karakter fan Skiermûntseach as autofrij eilân oan 'e oarder is.

In soad eilânbesikers ferwachtsje hast gjin auto's te sjen op Skiermûntseach, mar yn de praktyk blykt dat oars te wêzen. De foarstellen fan it kolleezje wurde op 26 novimber besprutsen yn de ried. Ek komt der in ynformaasjejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)