Autofile foar toertocht

04 feb 2012 - 11:11

Minsken dy't meidwaan wolle oan de toertocht op de Jan Durkspolder by Earnewâld moatte rekken hâlde mei filefoarming. De tagongsdyk nei it startpunt stiet op dit stuit fol mei auto's.

De earste dielnimmers oan de tocht melden har sneontemoarn om healwei achten al, wylst offisjeel de ynskriuwing pas om healwei tsienen fan start gie. De organisaasje hat dêrop besletten om ynskriuwing nei foarren te heljen en minsken ek al earder it iis op te litten. Mei-elkoar kinne fjouwertûzen riders meidwaan oan de tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)