Autofernielers oanhâlden

10 apr 2011 - 13:19

Yn Easterwâlde binne sneontenacht trije twa jonges út dat doarp (16 en 17) en ien út Feanhuzen (16) oanhâlden, omdat se in auto fernield hiene. In omwenner hearde leven en seach dat de trije in spegel stikken makke hiene en in dûk yn in doar skopt hiene.

De plysje hat de jonges meinaam nei it buro. It trio is foar neier ûndersyk ynsletten. De âlders fan 'e jonges binne troch de plysje ynformearre oer de arrestaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)