"Autoferkeap dit jier op leechste punt sûnt 1969"

13 jan 2015 - 07:15

De malêze yn de autowrâld hâldt oan. Advysburo Aumacon warskôget dat it tal ferkochte auto's dit jier op it leechste punt útkomt sûnt 1969. Lanlik soenen dat dan 380.000 auto's wêze, tsjinoer 416.777 ferline jier. Ien fan de oarsaken is it noch hieltiten minne betrouwen yn de ekonomy. Minsken ride dêrtroch langer troch yn harren auto.

Boppedat is in auto foar guon minsken net langer in statussymboal, mar allinnich noch in ferfiermiddel. Se fine it soart auto dat se ride minder wichtich as earder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)