Autodieven oanhâlden

01 maaie 2012 - 10:40

Twa autodieven binne oanhâlden nei in boargernetaksje foar autostellerij oan de Noorderbleek yn Frjentsjer. De auto waard úteinlik sjoen yn Seisbierrum. De plysje trof twa Frjentsjerters fan 20 en 21 oan by de auto. Sy waarden fuortendaliks oanhâlden. Ien hie de autokaaien by him, stellen by in wenningynbraak.

Yn Ljouwert is in 35-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar stellerij fan de auto fan syn freondinne. De man bonkte by har op 'e doar en naam dêrnei har auto mei.

De plysje seach de Ljouwerter autodief letter yn de Eekswerd yn de Fryske haadstêd. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)