Autodief út 'e boskjes helle

08 jul 2003 - 00:00

In auto-ynbrekker is moandeitejûn yn Ljouwert út de boskjes plukt. Dêr siet de dief ferside om't er krekt dêrfoar trapearre waard troch in 26-jierrige stedsgenoat. Dy gong de ynbrekker achternei, helle him út de boskjes en hâlde de dief oan.

De fertochte is in 33-jierrige Ljouwerter. De eigner fan de auto dêr't yn ynbrutsen waard, hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)