Autodief oppakt yn Nijhoarne

19 aug 2007 - 15:33

Yn Nijhoarne is sneintemoarn in Poalske man (20) oanhâlden foar dieverij út auto's. De plysje krige earder op 'e jûn melding fan ynbraken yn auto's oan de Winkelman.

De plysje ûntduts al gau in in pûde mei in ferskaat oan radio's yn de buert fan in Poalske auto. Dêrnei is de auto yn 'e gaten hâlden. Doe't de fertochte letter by syn auto weromkaam koe de plysje him oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)