Autocross wer ôfsein om waar

13 sep 2011 - 15:53
  • Alwer ôfsein...

De autocross fan Hallum giet sneon wer net troch. It minne waar is opnij de spulbrekker. Dit is al de twadde kear dat it evenemint oergiet. Earst soe de cross op 27 augustus hâlden wurde. Doe wie it ek min waar en moast it ek ôfsein wurde.

Der komt dit jier net in nije datum foar de autocross. De organisaasje yn Hallum rjochtet him no op de cross fan takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)