Autocross Blauhûs wer skrast

24 sep 2010 - 17:23
  • It autocrossterrein fan Blauhûs

De autocross yn Blauhûs giet snein net troch. Dat hat de Friesche Autocross Club besletten. It parkoers is troch de rein fan de ôfrûne dagen te min.

It is al de tredde kear dit jier dat in wedstryd ôflast wurdt fanwege it waar. Der soene snein goed hûndert minsken dielnimme oan de race en der komt altyd in soad publyk op ôf. Foar de organisaasje bringt it dêrom ek in soad kosten mei him mei. Fierder jout it ek problemen foar it klassemint, want dy giet no oer mar twa wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)