Autocross Blauhús fan peaskesnein ferskood om wiet terrein

02 apr 2015 - 21:08

De autocross yn Blauhús op peaskesnein giet net troch. Troch de grutte reinbuien is it terrein te wiet wurden. De organisaasje seit dat der dêrom gjin kwalitatyf goede wedstryd riden wurde kin.

Sa't it no liket wurdt de cross ferskood nei snein 12 april. Koereurs kinne har op de webside fan de autocross Blauhús op 'e nij ynskriuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)